Cantorij op 'e Skille


01-04-2023

Drokke tiid foar Kantorij Laudate omnes gentes

Baard - De Protestantske Gemeente Lank Meamert, Winsum - Baard – Easterlittens hat al sûnt 1993 in Kantorij. Earst wie it mear in gelegenheidskoar, mar dit is útgroeid ta in Kantorij besteande út njoggen persoanen. De Kantor is sûnt foarrich jier Martijn van Dongen fan Baard.

Troch Anna Marie Wijnia-Kuindersma

Ik haw in ôfspraak mei René Venema yn it tsjerkje fan Baard. Martijn van Dongen is ek oanwêzich. Alles stiet klear foar de sjongers yn in noflike omjouwing. De Kantorij bestiet út trije sopranen, trije alten, twa tenoaren en ien bas. De bas is eins de basis fan it koar, dat de leden soene it moai fine as der ien bykaam. Jiskewoansdei wie de earste tsjinst fan de Peaskesykles, de fjirtichdagentiid. Kommende wiken komt it der wol op oan foar de leden, snein 2 april is de folgjende tsjinst mei Palmpeaske. Dernei folgje, Wite Tongersdei, Goed Freed, Stille Sneon en as lêste Peaskesnein. Martijn: “It is in útdaging, wy hawwe acht repetysjes en seis tsjinsten. De leden moatte thús oefenje. Ik fyn it moai om nije dingen te bringen. Wy sjonge lieten út it Lieteboek, mar ek oare, meast klassike koarmuzyk. Derneist ek Taizé lieten. Under de tsjinst dogge ús dûmny J. Hilverda en de gemeente aktyf mei. Neist de Peasketiid, ûnderstypje wy ek de tsjinsten mei Pinksteren, de Adventstiid en de Krystnachttsjinst.” De Kantorij sjongt meestiids a capella, soms begeliet Martijn op piano of Jetske Bakker op it oargel.  
 
Bysûndere tsjinsten
Yn de korona tiid hawwe inkele leden fan de kantorij ek meiwurke oan de online tsjinsten fan de tsjerkeomrop. Neffens René wie dat wol in bysûndere tiid. Doe’t de gemeente noch net sjonge mocht, fersoargen de leden fan de Kantorij dat mei wikseljende groepkes.
René: “Wij zoeken nog een bas, het is belangrijk dat deze persoon noten kan lezen en een nieuw lied zelfstandig thuis kan instuderen. Dus ben je op zoek naar een goed koor, dan kun je een bijdrage leveren aan de hoogtijdagen van onze kerken. Het koor bestaat uit goede zangers. De meesten zijn al jaren lid, Anneke Lettinga is dat zelfs al vanaf het begin. Door de medewerking van de Cantorij worden de diensten nog bijzonderder. Je voegt iets toe. Helemaal met de nieuwe liederen, ik vind het fijn dat ik daar een bijdrage aan mag leveren.”
Oan de ein fan it pertear wurd ik útnoege om noch in stikje fan de repetysje by te wenjen. Wat in prachtich lûd fan dizze sjongers. De tsjinsten mei meiwurking fan de Kantorij binne yn ferskillende tsjerken te folgjen: Winsum, Baard of Easterlittens.

 
 

Terug naar overzicht

Copyright 2024: Lankmeamert Privacyverklaring Realisatie: Wmmedia.nl